COA fangt al 25 jier flechtlingen op; wat is der feroare?

01 jul 2019 - 11:38

It Sintraal Orgaan opfang Asylsikers (it COA) bestiet 25 jier. It COA fiert it asylbelied út fan it kabinet en soarget foar opfang fan flechtlingen. Yn it earste jier, yn 1994, waarden 33.000 asylsikers opfongen, in kwart dêrfan kaam út it troch oarloch ferskuorde Joegoslavië.

"Er is sindsdien veel veranderd", fertelt Miranda Bakker dy't ek al 25 jier by it COA wurket en noch lokaasjemanager is fan it azc yn Burgum. "We zijn professioneler geworden. De mensen wonen veel beter, hebben grote kamers gekregen."

De opfang fan minsken dy't op de flecht slein binne foar oarloch en geweld, berikte syn hichtepunt yn it jier 2000. Doe regele it COA foar 84.000 minsken ûnderdak, benammen út Angola, Afganistan en Sierra Leone.

Op in soad plakken, ek yn Fryslân, kamen der asylsikerssintra by. "Soms was er verzet, al viel dat Friesland erg mee. Ik denk dat het is als het spreekwoord: wat de boer niet kent, eet 'ie niet. Met name op de waddeneilanden was het opvallend dat er protest kwam wanneer de asielzoekers weer weg moesten", seit Bakker.

Er zijn 71 miljoen mensen op de vlucht en de Nederlanders hebben geen idee waar ze worden opgevangen.

Stichting Vluchteling

Yn 2015 wie de grutte flechtlingekrisis. Tûzenen minsken stapten op boatsjes om de Middellânske See oer te stekken nei Europa. En dat bart noch hieltyd. Twa wike lyn kaam de stichting Vluchteling mei de lêste sifers. "Er zijn 71 miljoen mensen op de vlucht en de Nederlanders hebben geen idee waar ze worden opgevangen".

Miranda Bakker is skrokken fan de oantallen. "We zijn al aan het nadenken hoe we goed voorbereid kunnen zijn. Dat het ons niet meer zo overvalt als in 2015. Het liefst geen sporthallen meer."

Miranda Bakker

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Bernepardon

Fatimeh Rezaie is 17 jier, wennet op it azc fan Burgum en is acht jier lyn flechte foar de oarloch yn Afganistan. Twa wike lyn krige se goed nijs, se mei op grûn fan it bernepardon yn Nederlân bliuwe. Dat betsjut dat ek har heit en mem net werom hoege.

"Ik ben zo blij, want door de onzekerheid kon ik geen keuzes maken voor de toekomst en nu wel. Ook mijn ouders zijn opgelucht, want ze zijn gevlucht omdat ze het beste voor me wilden", fertelt Fatimeh Rezaie.

Fatimeh Rezaie

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Fiif azc's yn Fryslân

Op dit stuit hat Fryslân fiif azc's: yn Burgum, Drachten, Sint-Anne, Snits en Balk. Mei elkoar wenje dêr sa'n 1.900 flechtlingen. Yn it ferline hiene folle mear stêden en doarpen in opfangsintrum, lykas Ljouwert, Kollum, De Jouwer, It Hearrenfean, De Lemmer, Dokkum en Wolvegea.

Boppedat waard yn 2015 en 2016 fanwege de flechtlingekrisis op in soad plakken tydlike opfang regele yn leechsteande kantoaren en sporthallen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)