Evert Pultrum die mei oan it NK Treinreizgjen: "Ik ken it spoarboekje út de kop"

De ien fynt it alle dagen wer in ramp om mei de trein fan it iene nei it oare plak te reizgjen. De oar fynt it in útdaging om op ien dei sa folle mooglik kilometers te meitsjen. En foar dy fanatike treinreizgers wurdt in eigen kampioenskip hâlden. Evert Pultrum die dit wykein mei oan it kampioenskip 'safolle mooglik kilometers mei de trein meitsje op ien dei'. "Ik ken it spoarboekje út de kop."
In trein fan NS by de spoarwei © Shutterstock.com
Al in jier is Evert dwaande om him ta te rieden op it kampioenskip. "Sa'n dei begjint mei goed plannen. Nei twa edysjes bin ik der wol achter dat plannen echt moat. De earste twa edysjes ha ik it op de bonnefoai dien, mar dat wol net. Ik bin al in jier dwaande om in planning te meitsjen en betink sa de bêste rûtes."

De spulregels

It doel fan it kampioenskip is ienfâldich: meitsje yn 18 oeren tiid sa folle mooglik kilometers yn in trein. "Meist mar ien kear itselde trajekt ride", leit Evert út. "En tusken 11.00 en 15.00 oere moatst in stimpel helje yn Utert. Fierder is it hielendal oan dysels hokker rûte ast nimst."
Dy fan Evert begûn sneontemoarn om 05.50 oere yn Vlissingen. "Ik hie freed frijnaam fan myn wurk, sadat ik yn Vlissingen begjinne koe. Net te let op bêd, sadat ik om 05.00 oere opstean koe. Om 05.50 oere begong myn NK-rit. Ik hie dit kear in hiel goeie planning. Ik bin fan Vlissingen nei Den Haag riden. Dêrnei nei Utert en doe nei Ljouwert. Ik hie totaal gjin lêst fan steuringen of problemen. De hiele dei gong it goed oant alve oere. Doe wie myn lêste rit fanút Almelo nei Amersfoort, dêr't ik fertraging oprûn. Doe krige ik it wol wat benaud."

Krekt net genôch

Fertragingen binne de grutste falkûle, lykas oerstappe yn ien minút, wit Evert út eigen ûnderfining. "Ast in oansluting mist, dan ferknoeist kostbere tiid. Mar just dêryn sit ek wol wer de spanning. Dan draaf ik oer it plein om op tiid te kommen. Dêr komt ek in taktyk by sjen, om as earste út de trein te kommen, sadatst fuort nei de folgjende trein sprinte kinst."
Uteinlik bleau de teller by Evert stean op 1.373 kilometer. Dat wie 40 kilometer te min foar de titel. "Ik hie dus noch fan Ljouwert nei Wolvegea reizgje moatten", laket er. "Takom jier in nije kâns!"
Evert Pultrum die mei oan it NK treinreizgjen