Zienn fangt minder minsken op yn de nachtopfang yn Ljouwert

01 jul 2019 - 11:29

By de nachtopfang yn Ljouwert wie it foarich jier minder drok. Dat meldt opfang-organisaasje Zienn. Dat soe komme troch in nije wurkwize yn 'e nachtopfang, bedoeld om mear rêst en in flottere trochstream te realisearjen.

Foto: Omrop Fryslân

It tal besikers rûn mei 17 prosint werom en it tal minsken dat sliepen bleau sels mei 25 prosint. Foaral troch it lêste sifer waard it flink rêstiger yn de nacht. Fierder koe Zienn yn 2018 foar mear as 350 húshâldens opfang beheine of foarkomme, troch bygelyks krisisyntervinsje en stipe thús.

Wurk en deibesteging

Wurk en deibesteging krije mear foarm by Zienn. In lytse 250 minsken gienen oan de slach yn De Werkerij, De Loods of by Skrep. Dat is 80 prosint mear as yn 2017. De Werkerij is foar jongeren ûnder de 28 jier en De Loods foar kliïnten fan 28 jier ôf. Wurk en deibesteging helpt minsken om grip op it libben te krijen, it jout struktuer, biedt sosjale kontakten en de mooglikheid om te learen en ûnderfinen.

Ambulante stipe

Nij yn 2018 wiene de nije foarmen fan stipe lykas de tiny houses yn Drachten, in foarm fan ambulante stipe.

Trefwurden: 
Ljouwert Zienn nachtopfang
(advertinsje)
(advertinsje)