Tûke termometryske kamera kin heabrân foarkomme

01 jul 2019 - 08:46

Heabroei: it is de grutste nachtmerje fan elke boer. Yn twa minuten tiid kin heabroei soargje foar in grutte brân. Om foar te kommen dat it safier komt, hat it Drachtster befeiligingsbedriuw Kooi Security in saneamde termometryske kamera. Dizze kamera mjit kontinu de temperatuer. Sadra't der in ôfwiking is, dan jout it systeem in alaarm yn de meldkeamer.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Richard Venema fan Kooi Security leit út hoe't it systeem krekt wurket. "It is in mobyl termometrysk kamerasysteem, dat in hiel grut opperflak besjen kin. Wannear't der in temperatuerwikseling is, wurdt dit meld by ús meldkeamer, dêr't 24/7 immen sit. De kamera is 'zelflerend', wat betsjut dat er sels in analyze meitsje kin fan de gegevens en in alaarm ôfjout as dat nedich is. Dizze tapassing is unyk: de kamera yn kombinaasje mei de software en de meldkeamer meitsje dit hiel bysûnder."

Priiskaartsje

Der wurde op dit stuit sa'n fjirtich fan dit soart kamera's tapast op lokaasjes dêr't in grutter risiko is op brân. It giet dan benammen om ôffalferwurkingsterreinen. Yn twa minuten tiid kin broei útgroeie ta in brân. It neidiel is lykwols dat it systeem frij prizich is, wêrtroch't it noch net folle brûkt wurdt troch boeren.

Bauke Deelstra sjocht by Kooi Security

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Teake Oldenburger, ekspert op it mêd fan heabroei, hat yntusken de nedige ûnderfining mei it foarkommen fan heabrân. "Over het algemeen moeten we zo'n tien keer per jaar de deur uit voor hooibroei." De kâns op broei hat te meitsjen mei it fochtpersintaazje yn it hea. Oldenburger: "Boven de twintig procent is het eigenlijk geen hooi meer. Hoe meer vocht, hoe groter de kans op hooibroei."

Boereferstân

Dochs sjocht Oldenburger net sa folle heil yn it djoere kamerasysteem. "Als je een heel grote partij hooi hebt, die een groot risico vormt, dan is zo'n camera misschien een goed idee. Maar de meeste boeren hebben zelf wel door dat ze het in de gaten moeten houden. Dan bellen zij ons en komen wij langs met de hooiroede om te meten hoe warm het in de kern van een hooibult is. Dat kan wel oplopen tot honderd graden en dan is vuur ontzettend dichtbij. Boerenverstand is onmisbaar."

Bauke Deelstra praat mei ekspert Teake Oldenburger

(Advertinsje)
(Advertinsje)