Kollum: "Blaze bliksem"

01 jul 2019 - 08:28

"Hé Nyn, wy hâlde in barbecue. Nimst dyn trompetsje efkes mei?" Hoe faak oft ik dy fraach al net krigen ha. En dochs doch ik dat nea. Ik fyn it mar neat om mei myn toeter nei in feestje te gean. Dêr't in oar de gitaar pakt, soe ik fansels prima myn trompetsje út de koffer helje kinne om muzyk te meitsjen. Mar hoe sfearfol is dat, tink ik dan altyd. Dat is dochs neat wurdich?"

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Dy miening moat ik ynlûke sûnt ik it WK fan de Oranjefroulju folgje. Dêr, yn it publyk, sitte trije trompettisten dy't it hiele stadion oan it sjongen krije. By de earste wedstriid tocht ik noch dat it om sa'n elektryske lûdsprekker gong, dêr't in oantal ferskes op programmearre stean. Mar doe't de kamera ynzoomde op de trije muzikanten, foel my de bek iepen. It is dus live, ûntduts ik.

Hey Babe, Hup Holland Hup, Het is stil aan de overkant: wat foar nûmer de trompettisten ek ynsette, it duorret mar efkes oft it hiele stadion sjongt mei. Sels de tsjinstanners gienietsje fan de spontane nûmers dy't oer it fjild te hearren binne. Wat liket my dat in kick: om mei dyn toeterke in hiel stadion op 'e kop te setten.

Mei ús dweilorkest ha wy al in pear kear by it reedriden yn Thialf blaasd. Mar dêr wurdt tsjintwurdich alles regissearre troch de telefyzje. Fia in earke krigen wy presys te hearren wannear't wy spylje mochten en wannear't wy stil wêze moasten. Moasten ja, want nei't it kommando jûn wie, hiene wy noch tsien sekonden om ús nûmer ôf te meitsjen.

Sterker noch: der waard sels foar ús bepaald wêr't wy ús ferskes spylje moasten. En sa kaam it dat wy foar in leech sponsorfak tsien minuten oan it blazen wiene, wylst hûndert meter fierderop de tribune fol siet. Trije bobo's seagen ús oan as wiene wy gek wurden en blaas foar in leech fak. Sa fielde it ek: as wiene wy net hielendal goed. Mar it boadskip fan de telefyzje-regisseur wie dúdlik: wa't net lústeret, hoecht net werom te kommen.

Hoe oars is dat no by it WK fuotbal yn Frankryk. Alteast, dat tink ik. Ik ha noch gjin earke by dy trije trompettisten ûntdekke kind. Gjin regisseur dy't opdracht jout om Hup Holland Hup yn te setten. Neffens my beslute dizze trije muzikanten sels wannear't se in nûmerke spylje en oft se 'm wol of net útblaze. En sa heart it.

Dizze muzikanten bewize dat blaasmuzyk net foar sneutsjes is, mar dat trije trompettisten in feestje bouwe kinne dêr't bands noch in puntsje oan sûgje kinne. Ik sil dit goeie foarbyld folgje. As ik wer ris frege wurd, dan moat de trompet tenei mar mei. Net sa eamelje, mar blaze bliksem!"

(advertinsje)
(advertinsje)