Wethâlder Sjoerd Feitsma: "Rôze Sneon is feest foar elkenien, oftst gay of straight bist"

01 jul 2019 - 07:44

Ljouwert is yn 2020 de stêd dêr't 'Roze Zaterdag' hâlden wurdt. De Fryske haadstêd sil op 20 juny 2020 de rôze sneon organisearje. Wethâlder en loco-boargemaster Sjoerd Feitsma krige ôfrûne sneon yn Venlo offisjeel de rôze kaai oerlange fan de organisaasje. "Fryslân is der klear foar", fynt er.

Foto: ANP Foto

Rôze sneon wurdt al sûnt 1977 organisearre en is yn de rin fan 'e jierren útgroeid ta in jierliks event. Feitsma: "Wy kamen der achter dat it noch nea yn Fryslân west hat. Wy fine it in wichtich evenemint, om elkoar te moetsjen. En wy tinke dat Fryslân dêr klear foar is."

Reinbôgeprovinsje

Nettsjinsteande it entûsjasme fan de wethâlder is Fryslân as iennige provinsje noch altyd gjin saneamde Reinbôgeprovinsje. Feitsma: "Yn Ljouwert wapperet de reinbôgeflagge al wol by it gemeentehûs. En neffens my jout de provinsje wol deeglik omtinken oan diversiteit. Ik bin der wis fan dat wy der hjir klear foar binne."

Feest foar elkenien

Rôze sneon is mear as ien dei feest. Sa ha der yn Venlo langere tiid projekten west yn it ramt fan diversiteit mei as tema 'Grenzeloze liefde'. Sa wol Ljouwert dat ek oanpakke. Feitsma: "Ek wy sille wurkje oan de hân fan tema's, lykas akseptaasje en diversiteit. Mar it moat yn alle gefallen in feest wurde foar elkenien, oftsto no 'gay' of 'straight' bist."

Wethalder Sjoerd Feitsma oer Rôze Sneon

(advertinsje)
(advertinsje)