Ljouwert bliuwt yn top-10 earmste gemeenten

01 jul 2019 - 00:00

It Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) presintearret moandei in grut rapport oer wolfeart yn ús lân. It ynstitút sjocht ûnder oare nei ynkommens, keapkrêft en fermogens fan Nederlânske húshâldens. Fryslân, en Ljouwert yn it bysûnder, bliuwt yn in soad gefallen flink efter op de rest fan it lân.

In belangryk getal dêr't it CBS nei sjocht is it saneamde 'standerdisearre ynkommen'. Hjirfoar is sjoen nei hoefolle jild oft in húshâlden te besteegjen hat, mar ek nei hoefolle minsken oft der yn dy húshâlding libje. Lanlik leit dit ynkommen gemiddeld op goed 28.000 euro. Alle Fryske gemeenten lizze likernôch op of fier ûnder dit gemiddelde.

Beurs - Foto: Shutterstock.com

Yn Ljouwert, Harns, Noardeast-Fryslân en Achtkarspelen leit dit ynkommen op gemiddeld minder as 26.000 euro. Ljouwert stiet hjirmei ek yn de top-10 fan Nederlânske gemeenten mei de leechste ynkommens. De top-10 wurdt fierder foaral dield met studintestêden sa as Grins, Maastricht, Nijmegen en Delft.

"Het heeft er mee te maken dat Leeuwarden en bijvoorbeeld Groningen veel arme huishoudens kennen, met gezinnen die onder de armoedegrens leven", leit Peter Hein van Mulligen fan it CBS út. "Dat zijn vaak ook studentensteden, omdat studenten niet veel verdienen. Maar ook als je studenten buiten beschouwing laat, doen deze steden het niet goed."

It standerdisearre te besteegjen ynkommen de gemeente (2017) - Foto: CBS

De keapkrêft yn Nederlân groeit noch wol, mar folle minder hurd as yn de jierren foar 2017. Tusken 2014 en 2016 groeide dy flink, mar yn 2017 mar mei in heal persint. Bysûnder is, dat der yn Fryslân in soad gemeenten binne dêr't de keapkrêft just mear groeit as dat lanlik gemiddelde.

Van Mulligen sjocht yn Fryslân dat benammen de fergrizing hjirby in rol spilet. "Friesland is redelijk sterk vergrijsd. Deze mensen hebben vaak een laag inkomen in de vorm van een pensioen. Wanneer dat pensioen omhoog gaat, geeft dat een zetje aan de koopkracht."

Earmoederisiko

It CBS hat ek sjoen nei it earmoederisiko. It ferskilt nochal hoe grut de kâns op earmoede foar lange tiid is yn ferskate gemeenten. Ljouwert stiet yn de top-10 fan gemeenten mei de earmste húshâldens én yn de top-10 fan gemeenten mei de grutste kâns op earmoede foar lange tiid. Gemiddeld hat in Nederlânske húshâlding 3,6 persint kâns op earmoede foar lange tiid.

Yn Ljouwert leit dat persintaazje folle heger; yn ús haadstêd is dat mar leafst 5,5 persint. De gemeente hat yn de ôfrûne jierren tal fan maatregels troffen om dizze problematyk oan te pakken. Van Mulligen: "Dit is een onderwerp dat gemeenten traditioneel erg bezighoudt. Het heeft vooral te maken met het aantal huishoudens dat moet rondkomen met een bijstandsuitkering en vaak weinig extra toeslagen heeft. Dat is vaak een situatie die langere tijd duurt."

Top-10 gemeenten mei it heechste oandiel húshâldens mei in leech ynkommen (foar lange tiid), 2017 - Bron: CBS

Leech ynkommen % Leech ynkommen foar lange tiid %
1. Grins 15,4 1. Grins 7,6
2. Rotterdam 15,1 2. Rotterdam 7,3
3. Amsterdam 14,2 3. Amsterdam 7,0
4. Arnhem 14,0 4. Arnhem 6,4
5. 's-Gravenhage 13,8 5. Heerlen 6,2
6. Enschede 12,9 6. 's-Gravenhage 6,1
7. Heerlen 12,6 7. Enschede 5,8
8. Nijmegen 12,5 8. Nijmegen 5,7
9. Ljouwert 12,1 9. Ljouwert 5,5
10. Kerkrade 11,5 10. Kerkrade 5,4

Ek ynkommensûngelikens is in yndikator dy't it CBS brûkt om in byld te foarmjen fan de wolfeart yn ús lân. De ynkommensûngelikens yn in gemeente is heech as der in grut ferskil bestiet tusken de heechste en leechste ynkommens; de bekende wolfeartskleau.

De ynkommensûngelikens yn ús provinsje benammen heech yn Ljouwert, mar ek op de Waadeilannen Flylân, Skylge en Skiermûntseach. Op It Amelân is it ferskil tussen earm en ryk just hiel lyts. Dat komt trochdat dy gemeente in relatyf heech trochsneed fermogen hat. Van Mulligen: "Er hoeven maar een paar mensen met een hoog inkomen tussen te zitten en het gemiddelde gaat meteen weer omhoog."

Peter Hein van Mulligen fan it CBS

(Advertinsje)
(Advertinsje)