Automobilist rekket ferwûne nei ûngelok op ôfrit A32

In automobilist is sneintejûn ferwûne rekke nei't dy op de A32 by Wolvegea fan de ôfrit rekke. De man kaam mei syn auto tusken de beammen lâns de dyk telâne.
© René Wiegmink / ProNews
Wat de oanlieding is fan it ûngelok, is net bekend. De bestjoerder waard opfongen troch omstanners, oant de ambulânse der wie. Letter is de man mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Hoe slim oft syn ferwûningen binne, is net dúdlik.