Oanriding mei fjouwer auto's op A7 by Drachtsterkompenije; dyk ticht

Fjouwer auto's binne sneintejûn mei-inoar yn botsing kaam op de A7 by Drachtsterkompenije. Gjinien is dêrby ferwûne rekke.
© Srfotografie
De auto's kamen út de rjochting fan Grins en wiene krekt de provinsjegrins oer. Hoe't it ûngelok barre koe, is net dúdlik.
Twa ambulânsen en trije plysje-auto's kamen nei it plak fan it ûngelok. De bestjoerders binne kontrolearre troch ambulânsepersoniel, mar sy hoegden net mei nei it sikehûs.

File

Troch it ûngelok ûntstie der in file op de A7, tusken de ôfslach Fryske Peallen en Drachten. De dyk is ôfsletten fanôf de ôfslach Fryske Peallen. It ferkear wurdt omlaat.