Wassenaar giet nei winst yn Harns wer mei nocht nei it wurk: "Ha der wol sin yn"

It waard wolris tiid dat Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar wat sjen lieten. Dat fûn dy lêste alteast sels ek. Hy waard kening, nei't er mei syn maten it keatsen yn Harns wûn. "We wiene der wol oan ta."
Hans Wassenaar
It is nammentlik noch net it seizoen fan Wassenaar. "Moatst ûntspannen bliuwe, mar sitst der wol oer yn as it min giet. Op in gegeven momint trainst allinnich mar mear en dan hast echt de hel yn. Komst moandeis ek noch op it wurk en krijst de fraach: 'Hoe is it gong, Wassenaar?' Dat is net leuk."
En as it net goed giet, dan komme der praatsjes. Hielendal yn de keatswrâld, wit Wassenaar. "Ik snap dat ek hiel goed. Ien partoer hellet alle krânsen op en dan is elkenien deroan ta dat oaren opstean. En de hoop wie op ús fêstige, omdat wy de kwaliteiten ha. Spitich dat it dan net rint. It docht ek echt wat mei dy ast net prestearrest, mar ik ha noait yn panyk west."
© Henk Bootsma
Snein wie it dan einliks safier, de earste oerwinning fan it seizoen. "We wiene der wol klear foar", seit Wassenaar. "We keatsten yn de finale ek alle trije hiel deeglik. We hiene macht. Dan moatst der tsjin sa'n partoer in sjo fan meitsje." De finale wie gau klear: 5-1 en 6-6 tsjin Jelte-Pieter Dijkstra, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden.
Yn panyk hat Wassenaar dus net west, mar it is dochs noflik dat se ris in partij winne. "It is foaral de befêstiging datst op it goede spoar bist, dat it goed sit."
En it wurk moandei? "Dêr ha ik no wol sin yn."

Hoekstra: dochs in goed wykein

Dijkstra en dy wiene ridlik kânsleas yn de finale. "It gong te gau", seit Allard Hoekstra. "Sy kamen al rap op foarsprong en wy hiene net mear de kracht om dat om te bûgen. Dat slagge ús yn de earste omlopen noch wol. Mar sy makken gjin fouten, dus dan komst der ek net yn."
Allard Hoekstra
Sels makken Dijkstra, Hoekstra en Van Zuiden wol wat flaters yn de finale. "Jelte Pieter sei al: de krêft is der wat út. En ik makke sels ik te folle flaters. Dan fernimst ek datst trije omlopen yn de fuotten hast."
Dochs sjocht Hoekstra werom op in goed wykein, mei in twadde en in tredde plak. "Dat mocht ek wol, want we ha net in protte prestearre de ôfrûne wiken. Mar no ha we sjen litten dat we derby hearre. Dat is lekker foar it gefoel. De stigende line komt der no oan, dêr geane we foar."