Jeroen de Vos wint mei Eelkje 2 thúswedstriid Slach om Heech

30 jun 2019 - 19:37

It skûtsje Eelkje 2 fan skipper Jeroen de Vos hat de sânde Slach om Heech wûn. It wie in thúswedstriid foar De Vos, dy't fan Heech komt. Hy liet It Doarp Eastermar fan Geale Tadema en Lytse Lies fan Tony Brundel efter him.

Foto: Martin de Jong Fotografie

De slach op de Hegemer Mar is de lêste offisjele moeting foardat de skûtsjes fan de IFKS stride om it kampioenskip. Eelkje 2 kaam út op 10 punten: ien earste plak, trije kear twadde en ien kear tredde. It Doarp Eastermar hie 18 punten en Lytse Lies 21.

Eelkje 2 (argyf) - Foto: Martin de Jong Fotografie

It skûtsje Wylde Wytse fan Sikke Heerschop wûn twa fan de seis wedstriden, mar waard ek in kear tolfde en trettjinde. Dat trettjinde plak, syn minste resultaat, mocht er fuort streekje, mar noch altyd kaam er út op 24 punten.

Oare klassen

Yn de B-klasse gie de oerwinning nei it skûtsje Sterke Jerke fan Pieter-Jilles Tjoelker. Dat skûtsje kaam leafst fiif kear as earste oer de streek.

De Drie Gebroeders fan Harmen Brouwer wie yn de C-klasse krekt wat minder oppermachtich, mar mei trije oerwinningen noch altyd dúdlik de sterkste. Itselde jilde foar Eemlander fan Harm van der Weiden yn de lytse A.

(advertinsje)
(advertinsje)