Jongfryske Mienskip presintearret Redbad-monumint yn East-Fryslân

It Fryske genoatskip Jongfryske Mienskip hat yn it East-Fryske Ihlow (Dútslân) in monumint presintearre ta oantinken oan de âlde Fryske kening Redbad en syn dream. Dat ha se dien mei it Westfries Genootschap (út Noard-Hollân), it Seelter Buund (út Sealterlân yn Dútslân) en Die Friesen (ek út Dútslân).
Johanna Evers (Seelter Buund), Thomas Möller-Tobiassen (Die Friesen), Chris van Hes (Jongfryske Mienskip) en Netty Zander (Westfries Genootschap) © Jongfryske Mienskip
It ynter-Fryske kollektyf wol in bettere en bredere gearwurking tusken de ferskate Fryske dielen. "Krekt sa't Redbad by syn libben de Friezen ferienigje woe", skriuwt de Jongfryske Mienskip. It is dit jier presys 1300 jier lyn dat Redbad stoar.
De Friezen út de ferskate lannen wolle dit jier dêrom fiere. "Hjoed bekrêftigje de Friezen út de ferskillende Fryske lannen fannijs harren ienheid, ferbining en gearwurking oer de steatsgrinzen hinne", stiet op it monumint.
© Jongfryske Mienskip
Foarsitter Chris van Hes fan de Jongfryske Mienskip is dy gearwurking fan belang: "As wy nei de takomst sjogge mei de enerzjytransysje, sirkulêre ekonomy en kulturele autonomy, dan sjogge wy kânsen yn in groeiende Europeeske Uny. Wy moatte dat as provinsje Fryslân wol yn breder ferbân oppakke. Mei elkoar kinne wy dan ek in earlike ferdieling fan gasbaten ôftwinge."