Partoer Marten Bergsma pakt yn Harns earste oerwinning fan it seizoen

30 jun 2019 - 17:49

Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar ha snein yn Harns it haadklassekeatsen wûn. It wie harren earste frijeformaasjewinst fan it jier yn tsien partijen. Yn de finale wûnen se mei 5-1 en 6-6 fan Jelte Pieter Dijkstra, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden.

De finale wie iensidich en ek net fan in hiel heech nivo. Alteast, net fan Dijkstra, Hoekstra en Van Zuiden. Yn in flok en in sucht stie it 3-0. Dêrnei kaam Hans Wassenaar op 4-6 de keats net foarby, wêrtroch't it 3-1 waard. Dat wie ek it iennige buordsje dat Dijkstra en dy pakten.

Op 5-1 en seis gelyk kearde Hiemstra de bal foar de keats, wêrmei't hy, Bergsma en Wassenaar de earste oerwinning fan it seizoen boekten. Wassenaar waard útroppen ta kening.

Marten Bergsma, Hans Wassenaar, Renze Pieter Hiemstra; de priiswinners yn Hârns - Foto: Henk Bootsma

Yn de earste omloop wiene Bergsma en dy mei 5-4 en 6-4 te sterk foar Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Sy wiene in dei earder noch finalist yn Dokkum.

Van der Bos betiid útskeakele

Dêrnei wûn it trio Bergsma ek fan Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra: 5-1 en 6-2. En dat wylst Van Zwieten en dy yn de earste omloop just wûn hiene fan it partoer fan Gert Anne van der Bos. Sy hiene acht fan de njoggen foarige frijeformaasjepartijen wûn.

Troch dy oerwinning op de twadde list wiene Bergsma en dy al wis fan de finale, want yn de heale finale hiene se in steand nûmer. Yn de oare heale finale wûnen Dijkstra en dy mei 5-0 en 6-2 fan Auke Boomsma, Marten Feenstra en Laas Pieter van Straten.

(advertinsje)
(advertinsje)