Portret fan in doarp: sport en wille bine Winsum

30 jun 2019 - 16:37

It doarp Winsum is it earste doarp dat dizze simer besite krigen hat fan it Omrop Fryslân-radioprogramma Buro de Vries. It programma siket dizze simmer alle wiken in doarp om te portrettearjen yn de doarpetoer.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Buro de Vries yn Winsum (oere 1)

Winsum is in doarp yn de gemeente Waadhoeke (earder Littenseradiel) en hat krekt wat mear as 1000 ynwenners. Der is in protte aktiviteit yn it doarp en ek de toerist wit it greidhoekedoarp hieltyd better te finen.

Sport as reade tried

Sport is lykwols in reade tried fan Winsum. Alle jierren is it Frysk kampioenskip fierljeppen op de skâns fan Winsum. Der wurdt ek in soad keatst. De ferneamde kippetjespartij is tige populêr. Dat is in 'wylde' partij dêr't frijheid foarop stiet en dy't mear as 200 partoeren nei de sportfjilden lûkt. Dy partij is healwei septimber.

En dan is der ek noch highlandgamer Pieter Karst Bouma. De sterke man docht al jierren oan de sport en is ien fan de bêsten fan Nederlân. Ein augustus giet hy foar in plak yn de top 10 op it wrâldkampioenskip dat yn Amearika holden wurdt.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

It doarpskafee herberget in wier dartwalhalla. De toppers fan Fryslân, lykas Danny Noppert, smite der geregeldwei in pylkje. Kafeehâlder Jaap Folkerts hat it kafee no fjouwer jier. Elk kin der komme foar in praatsje en in dartsje. Der is ek jierliks in krystmerk.

Winsum hat ek in multyfunksjoneel sintrum mar dat byt mekoar net, seit Folkerts. It MFC stiet by de sportfjilden en de fierljepskâns. De mienskip fan Winsum komt dêr foar ferskate saken by elkoar.

Graach mear wenningen

It doarp wol graach útwreidzje mei in tal wenningen. De Driehoek oan de eastkant fan it doarp soe romte biede foar in tal huzen, mar troch de fúzje fan de gemeenten nei Waadhoeke hat dat in skoft stillein. Der liket no wol wat mear skot yn de saak te kommen en se hoopje dat de bou fan de wenten gau los kin, mar somtiden liket it de inisjatyfnimmers dat de gemeente harren wol wat serieuzer nimme kin.

Yn Winsum kin men ek breidsjurken passe foar de lol. Annemarie Schotsma is mei Let's play Bridezella begûn en it is in sukses. Groepen froulju kinne harren foar ien dei breid fiele, ynklusyf sjampanje.

Buro de Vries yn Winsum (oere 2)

Ek de toerist kin teplak yn Winsum. Der binne twa bed and breakfasts. Ien derfan is De Gauwe Krakeling. Der is in teetún by en ek binne der workshops om bygelyks sûkelade of taarten te meitsjen. Der is ek in lytse jachthaven en der binne camperplakken. Neffens jachthavenbehearder Eelco Boonstra wurde de campers hieltyd populêrder.

Trefwurden: 
Buro de Vries Winsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)