Haadklassekeatsen yn Sint-Anne proai foar partoer Nynke Sijbrandij

30 jun 2019 - 16:02

Nynke Sijbrandij, Imke van der Leest en Marrit Zeinstra ha snein it haadklassekeatsen yn Sint-Anne wûn. Yn de finale fan de frijeformaasjepartij wûnen se mei 5-4 en 6-0 fan Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra.

Foto: KNKB

De finale gong lang lykop. It grutste ferskil wie oant de ein nea mear as ien earst. By in stân fan 3-3 kaam Van der Leest net foarby de keats, wêrtroch't Tuinenga en dy in foarsprong fan in earst namen. In earst letter wie spannend: op 6-6 sloech Sijbrandij in sitbal, wêrmei't har partoer wer op likense hichte kaam.

Mei in boppeslach fan Van der Leest op 4-4 6-4 waard it sels 5-4 foar Sijbrandij en dy. Efterôf wie dat de beslissing. By 5-4 en skjinne 6 sloech Scheepstra de bal kwea, wêrmei't de oerwinning nei it trio Sijbrandij gie.

Lytse preemje foar Sweering

De lytse preemje wie foar Jildou Sweering, Marte Altenburg en Jennie Terpstra. Sy wûnen de striid om it tredde plak mei 5-1 en 6-4 fan Sietske Okkema, Anouk Tolsma en Rixt Wijnia.

(advertinsje)
(advertinsje)