UPDATE: Stasjonsbrêge Frjentsjer docht it wer, nei tredde dei mei steuring

Foar de tredde dei op rige is de Stasjonsbrêge yn Frjentsjer troffen troch in steuring. It probleem siet 'm snein yn de slachbomen, dy't net hielendal ticht woene nei't de brêge iepen west hie. Oan it begjin fan de jûn wie it ferholpen.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De problemen fan snein ûntstiene nei't de brêge iepen moast foar in boatsje. Doe't de brêge wer ticht gie, giene de slachbomen net omheech. Dy binne dêrnei hânmjittich omheech set. Fyts- en autoferkear koe sneintemiddei dus wol oer de brêge, mar skipfeartferkear koe der net del, want de brêge waard foarearst net wer iepen set.

Earder al problemen

It is de tredde dei op rige dat de brêge kueren hat. Freed bleau de brêge oer it Van Harinxmakanaal oan de ein fan de middei in pear sintimeter boppe de grûn hingjen by it tichtgean.
In monteur fan de provinsje hie de steuring oan de brêge dy jûn ferholpen, mar in dei letter koe de brêge op 'e nij net betsjinne wurde. Dat wie doe oan de ein fan de middei oplost.