Grad Damen traint mei by Cambuur

30 jun 2019 - 15:05

Middenfjilder Grad Damen traint takom wike in pear dagen mei Sportklup Cambuur mei. Hy slút moandei oan by de seleksje fan trainer Henk de Jong.

Foto: www.orange-pictures.nl

Damen is 21 jier en spile it ôfrûne seizoen foar NAC Breda. Hy sil yn earste ynstânsje meitraine oant en mei woansdei, meldt Cambuur op de klupwebside.

De Ljouwerters ha noch wat nije spilers nedich foar it nije seizoen.

Trefwurden: 
SC Cambuur Grad Damen
(advertinsje)
(advertinsje)