Noppert net nei kwartfinale fan Czech Darts Open

Danny Noppert fan De Jouwer is útskeakele op it Czech Darts Open. Hy ferlear snein yn de achtste finalen fan it toernoai mei 6-4 fan Keegan Brown, dy't earder ek al fan Michael van Gerwen wûn.
© www.orange-pictures.nl
Noppert smiet snein in trochsneed fan 94.83 punten, krekt wat leger as Brown. De Ingelskman, dy't de nûmer tritich fan de wrâld is, wie ek krekt wat skerper op de dûbelds.
Brown like ienfâldich op wei nei de winst. Hy naam in foarsprong fan 5-2. Dêrnei bruts Noppert Brown, troch in finish fan 132 út te smiten. De Jouster kaam sels noch werom oant 5-4, mar úteinlik makke Brown it wurk dochs ôf.
It Czech Darts Open is ien fan de toernoaien fan de European Tour fan de PDC. De resultaten op dizze European Tours telle mei foar pleatsing foar it EK, dat fan 24 oant en mei 27 oktober yn it Dútske Göttingen plak fynt.