FOTO'S: Waarmterekôrs ferbrutsen, hoe belibbet Fryslân dit tropyske wykein?

30 jun 2019 - 14:32

Troch de tropyske hjitte binne der dit wykein waarmterekôrs ferbrutsen. It wie sneon de waarmste 29 juny ea metten yn Nederlân. Yn Boalsert stie in rekôrtemperatuer fan 31,3 graden op de termometer en nachts lei it kwik dêr noch op 19,6 graden. Ljouwert kaam sneon ek oan de 30 graden ta en dat is neffens waarman Piet Paulusma ek in nij hjitterekôr. Hoe hat Fryslân dit tropyske wykein belibbe? Sjoch hjirûnder nei in kolleksje fan de foto's dy't Omrop Fryslân fia Facebook tastjoerd krige.

Waarman Piet Paulusma oer de ferbrutsen waarmterekôrs

(Advertinsje)
(Advertinsje)