Sjoerd Feitsma krijt yn 'Venlove' rôze kaai foar Roze Zaterdag yn Ljouwert

30 jun 2019 - 12:51

Wethâlder en lokoboargemaster Sjoerd Feitsma krige sneon op de Roze Zaterdag yn Venlo offisjeel de rôze kaai oerlange fan de organisearjende stichting Roze Zaterdagen. Hy die dat yn in bypassend reinbôgepak. It evenemint is op 20 juny 2020 yn de Fryske haadstêd.

Feitsma is al in pear jier dwaande om de rôze sneon nei Fryslân te heljen. Hy fynt dat wichtich, omdat de rôze sneon noch nea yn Fryslân organisearre is, wylst it evenemint al sûnt 1978 bestiet.

Ljouwert is neffens Feitsma sa njonkenlytsen wol oan de rôze sneon ta. Hy wie beselskippe troch in grutte Fryske delegaasje mei pompeblêdflaggen mei de reinbôge derop. De wethâlder hat der no al nocht oan: Ljouwert is op 20 juny 2020 'de stêd fan de leafde', sa ferklearret er op Twitter. De stichting Roze Zaterdagen is bliid dat de rôze sneon foar it earst nei Fryslân giet en winske de wethâlder in soad wille en sukses by de organisaasje fan de 43e edysje.

Welcome in Venlove

De stêd Venlo wie sneon foar de gelegenheid omdoopt yn 'Venlove' en 'Welcome in Venlove' wie de dan ek de slogan fan de feestdei yn it teken fan de emansipaasje fan de LGBT-mienskip. Watfoar namme of slogan Ljouwert brûke sil yn 2020 is noch net bekend.

Venlo(ve) organisearre it evenemint yn 'e mande mei de Dútske stêd Krefeld, flak oer de grins mei Limboarch.

(advertinsje)
(advertinsje)