Nyck de Vries pakt tredde plak yn sprintrace Eastenryk

30 jun 2019 - 12:04

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea is snein tredde wurden yn de sprintrace fan de Formule 2 yn Eastenryk. Dêrmei bliuwt De Vries klassemintslieder. Hy fergruttet sels syn foarsprong op de nûmer twa, Nicholas Latifi.

De Vries gie snein as sechsde fan start. Nei trije rûntsjes pakte er even de lieding yn de race, mar troch in flaterke ferlear er in protte snelheid en foel er yn ien kear werom nei it sechsde plak.

Stadichoan klom de Fries dochs wer wat plakjes, mei troch maleur by syn konkurrinten. Yn de lêste rûntsjes, doe't De Vries op it tredde plak lei, wie er yn gefjocht mei Mick Schumacher. De Dútser hie mear snelheid, mar De Vries ferdigene syn posysje goed en kaam as tredde oer de einstreek. Boppedat hie er de rapste raceronde fan de dei.

Sneon waard De Vries yn de haadrace op it sirkwy yn Spielberg ek al tredde.

Klassemintslieder

Yn it klassemint giet De Vries noch hieltyd oan de lieding. Syn foarsprong op de nûmer twa, Nicholas Latifi út Kanada, is dit wykein grutter wurden. It is no 152 om 115 punten. De nûmer trije yn it klassemint is de Braziliaan Sérgio Sette Câmara. Hy wûn snein yn Eastenryk en hat no 107 punten yn it klassemint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)