Trije ûngelokken mei scootmobyl yn Fryslân

Mar leafst trije scootmobilen binne sneontenacht en -middei yn Fryslân de sleat ynriden. Dat barde by Friens, Marsum en Feanwâlden.
© ProNews
Yn Friens rekke in bestjoerder fan in scootmobyl krekt nei middernacht yn it wetter lâns de Beslingadyk. It slachtoffer waard troch in omstanner boppe wetter hâlden oant de helptsjinsten der wiene. De scootmobiler is foar ûndersyk oerbrocht nei sikehûs MCL yn Ljouwert. De brânwacht hat de scootmobyl en de kollega dy't it wetter yngie skjinspuite.
Lâns de Rypsterdyk yn Marsum ried in frou mei har scootmobyl it wetter yn. De brânwacht hat har wer op de kant holpen. Se is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.
En ek by Feanwâlden wie it raak. Dêr rekke in man mei syn scootmobyl yn it wetter yn natuergebiet De Houtwiel. De brânwacht en omstanners ha it slachtoffer en syn scootmobyl út it wetter helle. De man is neisjoen troch ambulânsepersoniel.