Plysje moat pepperspray brûke by oanhâlding Ljouwerter stapper

30 jun 2019 - 07:51

In 26-jierrige Ljouwerter hat him sneontenacht sa bot ferset by syn oanhâlding, dat de plysje pepperspray brûke moast. De man waard oanhâlden, om't er nei in portier flibe hie by in hoarekagelegenheid oan it Ruterskertier yn Ljouwert. De plysje hat de fertochte fêstset.

Oanhâlding - Foto: Shutterstock.com
(Advertinsje)
(Advertinsje)