Moai waar soarget net foar fierljepspektakel yn Drylts

29 jun 2019 - 22:06

De tsiende fierljepwedstriid fan it seizoen is by de manlju wûn troch Sytse Bokma. Hy wie mei 20.39 de ljepper mei de bêste ôfstân, in seizoensrekôr. Hy wie ek de ienige dy't sneontejûn oer de 20 meter sprong.

It wie in opfallend rêstige jûn yn Drylts. Nettsjinsteande it moaie waar, en it gebrek oan wyn kamen in soad ljeppers net mei yndrukwekkende ôfstannen. Sytse Bokma die dat wol. Mei 20.39 ljepte er foar himsels én foar de topklasse de fierste ôfstân fan it seizoen. De Hylper liket dêrmei yn foarm te kommen. Twadde by de senioren waard Ysbrand Galama (19.52), krekt foar Bobby Zwaagman (19.16).

By de froulju is Marrit van der Wal sûnt har rentree net by te hâlden. Yn Drylts bliuwt se mei 15.34 har tsjinstanners Sigrid Bokma (14.63) en Anna-Jet Leyenaar (14.42) foar.

En ek by de junioaren is der ien ljepper dy't syn konkurrinsje hieltyd mar foar bliuwt: Wietse Nauta. Hy wint ek syn tsiende wedstriid. Al sprong er yn Drylts mar in ôfstân fan 16.90. De konkurrinsje hie dus in kâns om him foarby te gean, mar liet it sitte.

Yn de oergongsklasse is Bauke de Jong fan Parregea de winner, mei in sprong fan 18.40.

Femke Rispens docht it by de famkes goed. Sy wint yn har klasse mei in ôfstân fan 14.42.

De winst by de jonges wie foar Rutger Haanstra fan It Heidenskip. Hy liet mei in ôfstân fan 17.24 syn konkurrinten Peter Faber (16.82 meter PR) en Stefan Douma (16.29) achter him. Haanstra wie dizze kear dus ek rom fierder as de winner by de junioaren.

Drylts is takom wike sneon 6 july dekôr foar de jierlikse fierljeptwakamp tusken Fryslân en Hollân. Dit wykein waard de tsiende wedstryd fan de Fryske kompetysje ek yn Drylts ljept. It is sa'n bytsje de "generale" foar de twakamp.

Trefwurden: 
Drylts fierljeppen
(Advertinsje)
(Advertinsje)