Hearrenfean wint oefenwedstriid tsjin Bûtenpost mei dûbelde sifers

29 jun 2019 - 21:08

Sportklup Hearrenfean hat ek de twadde wedstriid fan de tarieding wûn. Yn en tsjin Bûtenpost waard it 14-1. Michel Vlap makke in hattrick, Rolf Dijk skoarde foar Bûtenpost.

Foto: Orange Pictures

Op in waarme jûn, mei sinneskynwaar hie Hearrenfean net al te folle muoite mei de Blaukes. Al nei tsien minuten makke Vlap de 1-0 en fiif minuten letter ferdûbele nije oanwinst Odegaard de foarsprong. Dêrnei gie it hurd. Yn minder as tsien minuten tiid skoarden Vlap, Mihajlovic, Ras en nochris Vlap. Dy 6-0 wie ek de rêststân.

Nettsjinsteande dat der yn de twadde helte alve oare spilers op it fjild stiene, setten de Feansters ek yn de twadde helte flink troch. Tusken de 53e en 56e minút makken Hornkamp, Frederiksen en Rienstra der 9-0 fan.

In minútsje letter wie der ek in goal foar Bûtenpost, neidat Høegh Rik Weening heakke. Hy naam de penalty sels, mar de bal waard keard troch keeper Bednarek. Rolf Dijk koe de rebound wol binnen sjitte.

It doelpunt soarge net foar in feroaring yn it wedstriidbyld, want net folle letter makke Emil Frederiksen al wer de 10-1. Yn it lêste kertier makke Bruijn noch twa doelpunten en ek Rienstra skoarde noch. Yn de lêste minút skeat Dresevic fan grutte ôfstân de 14-1 binnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)