53 skûtsjes toane rou oan famyljes fan de manlju dy't dit jier ferstoarn binne

29 jun 2019 - 20:08

In lêste groet oan de skûtsjesilers Frans Klaas Deinum, Jan Visser en Theo Ferwerda sneontemoarn op de Hegemer Mar. Yn totaal 53 skûtsjes toanden in lêste earbetoan oan de famyljes fan de skûtsjesilers dy't earder dit jier ferstoaren. Noch nea earder wiene der safolle skûtsjes byinoar om in lêste groet te jaan.

Foto: Tom Coehoorn - TomasVaer

De 53 skûtsjes farre yn in lynje by in motorskip del dêr't de neibesteanden fan de âld-skûtsjesilers op sitte. Dêrby lit elk skûtsje de fok sakje as se by it motorskip delfarre en stiet de bemanning rjochtop yn it gongboard.

Frans Klaas Deinum, Jan Visser en Theo Ferwerda binne allegearre yn 2019 ferstoarn. Frans Klaas Deinum fan De Lemmer wie fan 2001 oant 2008 skipper fan de 'Hoop en Vertouwen'. Hy ferstoar op 74-jierrige leeftiid. Jan Visser ferstoar op de âldens fan 52-jier en wie skipper fan Zeldenrust Heech dêr't hy ferline jier mei debutearre yn de C-Klasse fan de IFKS. Visser siet ek yn de organisaasje fan de Slach om Heech.

Theo Ferwerda ferstoar op 30 maaie en wie 76 jier. Ferwerda sylde op de Rienk Ulbesz, it Ljouwerter skûtsje út de SKS.

Foto: facebook IFKS
(Advertinsje)
(Advertinsje)