Partoer Van der Bos wint it haadklasse keatsen yn Dokkum

29 jun 2019 - 19:05

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tsjisse Steenstra hawwe sneon yn Dokkum opnij in haadklasse partij op har namme skreaun. It wie al har achtste oerwinning yn njoggen frije formaasjepartijen.

Foto: Bote Sape Schoorstra

Yn de finale wiene Van der Bos en dy mei 5-1 en 6-6 fierstente te sterk foar it partoer fan Bauke Triemstra. Op de einstân sloech Triemstra de bal boppe. "Dy mannen wiene oppermachtich", sa sei Triemstra nei ôfrin fan de wedstriid.

Foar Van der Bos en dy wie it in hast flaterfrije wedstriid: "It is moai waar, en de spieren binne lekker waarm, dus dan kinne je lekker gas jaan."

Geunstich lot

It partoer Van der Bos siet geunstich yn it lot, wylst de ferliezende finalisten twa drege partijen keatse moasten om de finale te heljen. Yn de heale finale wûnen se pas nei 5-5 6-6 alles oan de hang, fan it trio Jelle Attema, Gabe-Jan van Popta en Patrick Scheepstra.

It wie foar de tredde kear dit seizoen, dat Bauke Triemstra en dy in finale ferlearen.

Harkje nei in petear mei Gert-Anne van der Bos

(Advertinsje)
(Advertinsje)