Nyck de Vries tredde yn Eastenryk

29 jun 2019 - 19:04

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea is yn Eastenryk as tredde oer de streek kaam yn de Formule 2. De Vries moast yn de slotfaze de Japanner Nobuhara Matsushita en de Italiaan Luca Ghiotto foargean litte. Hy bliuwt wol lieder yn it klassemint.

Nyck de Vries - Foto: Omrop Fryslân, Sybren Terpstra

De Vries mocht op poleposition oan de race begjinne, mar rekke it plak nei in betide pitstop kwyt. Yn de slotfaze fan de race op it circuit yn Spielberg hiene de Japanner en de Italiaan bettere bannen as De Vries. Ek de Braziliaan Sergio Sette Camara gie De Vries noch foarby, mar dy krige in straf, wêrmei't de ynwenner fan Twellingea úteinlik op it tredde plak bedarre.

De Vries hat no 140 punten yn it klassemint, en stiet dêrmei rom foar op de nûmer twa Nicholas Latifi (111 punten) en Sette Camara (92 punten).

Trefwurden: 
Formule 2 Nyck de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)