Soad belangstelling foar nij strân by Marsum

De doarpen Boksum, Deinum, Marsum en Ritsumasyl hawwe der in moaie rekreaasjemooglikheid by. De ôfrûne tiid is it Boksumer Soal tusken de doarpen befarber makke foar sloepen en lytsere rekreaasjefeart. Dêrnjonken binne ferskate bysûndere foarsjenningen oanlein, lykas haventsjes, trailerhellings en in echt strân by Marsum.
Streek is wiis mei Boksumer Soal en Marsumer strân
De foarsjenningen waarden sneon iepene troch de wethâlders Dykstra en Van Gelder fan de gemeenten Waadhoeke en Ljouwert en fuortendaliks entûsjast yn gebrûk nommen troch de befolking fan de streek. Ek jongerein út de omjouwing wyt it paad nei it Marsumer strân al te finen.
"Dat strân is super", fynt foarsitter Geart Verf fan Doarpsbelang Marsum. It doarp freget al jierren om sa'n foarsjenning, mar de eardere gemeente Menameradiel seach hjir gjin mooglikheden ta. No leit it strân der samar as kompensaasje foar de oanlis fan de Heak om Ljouwert. De gemeentes Waadhoeke en Ljouwert bouden sneontemiddei in lyts feestje yn de doarpen fanwege de oplevering fan it projekt. "Het Boksumer Soal was er natuurlijk al", seit Henk Korthof fan doarpsbelang Boksum.

Goed foar de streek

"Maar er gebeurde alleen heel weinig. Nu kun je met de boot in Boksum komen of Boksum gebruiken als uitvalsbasis." Korthof fynt it folslein terjochte dat it doarp sa kompensearre wurdt foar de Heak. "Eerlijk is eerlijk, we hebben nu meer verkeerslawaai, maar het is mooi dat er iets voor terugkomt."
Wethâlder Van Gelder fan Ljouwert dwaande mei de iepeningshanneling fan it Boksumer Soal © Omrop Fryslân
Sneon wie der yn de fjouwer doarpen fan alles te rêden lykas SUP-demonstraasjes en SUP-les, in fiskwedstriid, kanoje en sloepfarre. Skoalbern út de doarpen fersoargen de iepeningshanneling mei de wethâlders Jan Dyktra fan de Waadhoeke en Herwil van Gelder fan Ljouwert.
"Wij hebben goed samengewerkt bij dit projekt", fynt Van Gelder. "Dit recreatiegebied is ook interessant voor Leeuwarders. Je verbindt zo stad en platteland over het water." Dykstra geniete ek sels fan de omstannichheden en it entûsjasme yn de streek. "Dit is Fryslân op syn moaist. We meitsje de doarpen sa moaier en libbener, dêr giet it om."
It Marsumer strân © Omrop Fryslân
Wethâlder Jan Dykstra fan Waadhoeke op it Marsumer strân