Grins wint Jong Famme Partij yn Mantgum

It keatspartoer fan Grins hat sneon yn Mantgum opnij de Jong Famme Partij op har namme skreaun. Hiske Zeinstra, Marrit Zeinstra en Anne Monfils wiene yn de finale te sterk foar it partoer út Wommels.
© Henk Bootsma
De Grinzer froulju wiene al fan it begjin ôf te sterk foar de Wommelsers. Yn koarte tiid stie it partoer út Grins al mei 3-0 foar. De froulju fan Wommels koene noch werom komme ta 3-1, mar dêrnei pakten de Grinzers troch. De einstân kaam úteinlik út op 5-1 6-4.
De tredde priis wie foar it partoer fan Marsum. It is foar de twadde kear op rige dat de froulju út Grins de Jong Famme Partij winne.
© Henk Bootsma