Heger en feiliger: de nije brêge fan Dronryp is klear

29 jun 2019 - 17:22

Yn Dronryp is sneon de nije provinsjale brêge oer it Van Harinxmakanaal feestlik yn gebrûk naam troch deputearre Avine Fokkens. Oer de nije brêge wie in soad diskusje yn it doarp, want in soad Rypsters fûnen de brêge te heech en te steil, benammen foar fytsers. Nei oanlieding fan dizze krityk is it plan oanpast, mar de hichte fan de brêge bleau gelyk.

Dat de provinsje graach om de omwenners tinke wol, is ek te fernimmen by de offisjele iepening. Om de nije brêge yn te wijen wie der sneon tusken de middei in fersoarge lunsj mei drinken en iis ta, boppe op de brêge. Om de Rypsters dêrby net ferbaarne te litten, stie op alle tafeltsjes in tube mei in smarsel tsjin it ferbaarnen.

De nije brêge is sa oanpast dat hy neffens de provinsje no akseptabeler en feiliger is foar alle brûkers. Sa is de maksimum snelheid op brêge en opritten beheind ta 30 kilometer yn de oere en ek hat de brêge twa offisjele fytsstroken krigen.

"Der hawwe beswiermakkers west, en wy hawwe in pittige diskusje hân, mar hjoed oerhearsket de blydskip", seit foarsitter Peter Tanghe fan pleatslik belang. Tanghe wennet deun njonken syn brêge en hat foar syn gefoel njoggen moanne 'by in bouput wenne'.

Foto: Omrop Fryslan

Foarsitter Peter Tanghe fan pleatslik belang

"Ik neem de beleving van de mensen serieus, maar ik denk ook dat het een kwestie van gewenning is", seit deputearre Fokkens oer de hichte fan de nije brêge. De deputearre is 'grutsk' op de nije brêge, dy't om ferskate redenen needsaaklik wie. De âlde brêge wie net mear tagonklik foar swier ferkear en koe boppedat net mear betsjinne wurde by hurde wyn.

Grut ferkear

De nije brêge past yn de plannen om it Van Harinxmakanaal geskikt te meitsjen foar gruttere frachtskippen. Yn itselde ramt wol de provinsje ek oan de gong mei it oanpassen fan in bocht yn it kanaal by Frjentsjer. "Maar dit is mijn eerste klus als gedeputeerde, dus daar weet ik nog niet alle details van", sei frou Fokkens. De nije brêge past yn de plannen fan de provinsje om Fryslân goed berikber te hâlden, sawol oer de dyk as oer it wetter.

Yn de tiid fan de bou fan de nije brêge koe it ferkear gebrûk meitsje fan in tydlike flotbrêge. Dy kin der no wer út, want de nije brêge is sneon fan 17.00 oere ôf foar al it ferkear frij te brûken.

De provinsje Fryslân en it doarp Dronryp hawwe fierder ôfpraat dat se nei ferrin fan tiid it funksjonearjen fan de nije brêge evaluearje sille.

Deputearre Avine Fokkens oer de nije brêge fan Dronryp

(Advertinsje)
(Advertinsje)