Oranje stiet yn de heale finale fan it WK, en hellet Olympysk ticket

29 jun 2019 - 17:07

De Nederlânske fuotbalfroulju, mei dêrby ek Sherida Spitse en Loes Geurts, hawwe yn Valenciennes yn Frankryk de heale finale fan it WK berikt. Dat diene se troch Italië mei 2-0 te ferslaan. Mei de winst hawwe se ek in ticket foar de Olympyske Spelen fan takom jier yn de bûse.

Foto: orangepictures.nl

Sherida Spitse hie in haadrol yn de kwartfinale. De spylster út Snits wie foar beide doelpunten ferantwurdlik foar de assist. De ploech koe pas yn de twadde helte echt har krêft sjen litte. Vivanne Miedema kopte de bal yn de 70ste minút út in frije traap fan Spitse yn it Italiaanske doel. Stefanie van der Gragt besliste de wedstriid tsien minuten letter, wer fanút in frije traap fan Spitse.

Oranje moat it takom wike woansdei yn Lyon opnimme tsjin de winner fan it duel tusken Dútslân en Sweden. Sy spylje sneon letter op de middei yn Rennes om in plak yn de heale finale fan it WK.

(Advertinsje)
(Advertinsje)