Fans binne bliid dat metalfestival Dokk'em Open Air werom is

29 jun 2019 - 16:31

De fans binne bliid dat it metalfestival Dokk'em Open Air nei trije jier wer werom is. Nei alle opmerkingen dat se it bot misse, hat de organisaasje besletten om it metalfeest op it terrein fan it Tolhúspark yn Dokkum wer op te tugen.

Hurde muzyk, swarte klean en in protte hier op it terrein fan it âlde azc yn Dokkum. Tongersdeitejûn wie der in foarpriuwke en freed en sneon stiene der tsientallen bands op twa poadia. De organisaasje ferwachtet sa'n 6000 minsken oer it hiele wykein. De camping is dit jier ekstra grut en der is in soad gebrûk fan makke.

De band Cradle of Filfth wie de headliner fan freed. Hichtepunten wiene fierder ûnder oaren it Vivaldi Metal Project mei de Vier Jaargetijden yn in metal-jaske en ôfsluter King Diamond mei syn band.

(Advertinsje)
(Advertinsje)