Direkteur Alex Bonnema: "Beslút oer wurkfoarsjenning Caparis jout rêst"

29 jun 2019 - 14:37

It beslút dat fjouwer Fryske gemeenten definityf eigener bliuwe fan wurkfoarsjenningsorganisaasje Caparis, jout dúdlikens en soarget foar rêst. Dat seit direkteur Alex Bonnema fan Caparis.

Caparis - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De gemeenten Ljouwert, Hearrenfean, Smellingerlân en Opsterlân bliuwe eigener, wylst Weststellingwerf, Eaststellingwerf, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen harren oandielhâlderskip opsizze. Se bliuwe wol saken dwaan mei Caparis. Dat is de útkomst fan de oandielhâldersgearkomste fan freed.

Bonnema is tefreden. "Ik bin der tige wiis mei dat we it projekt no sa stadichoan ôfslute kinne. Dat we in proses ôfrûnje wêryn't we it mei-inoar iens wurde binne en wêryn't we dúdlikheid ha foar ús minsken. Dat jout rêst en we kinne no bouwe oan it nije Caparis."

Direkteur Alex Bonnema fan Caparis

(advertinsje)
(advertinsje)