Danny Noppert troch nei finaledei Czech Darts Open

29 jun 2019 - 14:16

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is troch nei de finaledei fan it Czech Darts Open yn de Tsjechyske haadstêd Praag. De 28-jierrige darter wûn yn de twadde ronde op it poadium mei 6-4 fan Darren Webster, de nûmer fyftjin fan de wrâld. Freed wie er al te sterk foar Stefan Bellmont yn de earste ronde.

Foto: Orange Pictures

Noppert kaam mei 2-0 foar yn de partij en begûn sterk. Syn Ingelske tsjinstanner Webster kaam lykwols kreas werom. Op in stân fan 4-4 yn legs koe de Jouster de foarsprong pakke en smiet er mei in finish fan 116 de partij út.

Michael van Gerwen?

Snein is de finaledei fan it Czech Darts Open yn Praag. By de lêste sechstjin komt Danny Noppert nei alle gedachten út tsjin wrâldkampioen Michael van Gerwen. Hy spilet sneon noch tsjin Keegan Brown.

Danny Noppert is troch nei de finaledei

It Czech Darts Open is ien fan de toernoaien fan de European Tour fan de PDC. De resultaten op dizze European Tours telle mei foar pleatsing foar it EK, dat fan 24 oant en mei 27 oktober yn it Dútske Göttingen plak fynt.

(advertinsje)
(advertinsje)