Fytser rekket ferwûne by oanriding yn De Hoeve

29 jun 2019 - 14:03

In fytser is sneontemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn De Hoeve. Op de T-splitsing fan de Vinkegavaartweg mei de Kontermansweg waard de fytser skept troch in automobilist. Troch de klap is it foarrút fan de auto ferbrizele.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

In ambulânse waard ynskeakele om help te ferlienen en ek in traumahelikopter wie oanwêzich. It is net bekend hoe't it mei it slachtoffer is.

De plysje hat de dyk ôfsletten foar ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok oanriding De Hoeve
(advertinsje)