Iepenloftspul Kollum: It Kollumer Oproer

Oan it plein fan de Maartentsjerke is it de lêste dagen in kommen en gean fan minsken. In dekôr dat opboud wurde moat, amazônes dy't op harren hynders fjouwerje oer it plein, in band dy't ûnderwylst de live-muzyk repetearret. En dan fansels de akteurs en de tsientallen minsken út de omkriten dy't ek oan it Kollumer Oproer meiwurkje. Mei noch in lytse wike foar de premjêre, is it noch efkes flink switte foar regisseurs Atsje Lettinga en Steven de Jong, want de ferwachtingen binne behoarlik heech.
Troch: Froukje Sijtsma (ferslach) en Dirk Hofstede (kamera)
Iepenloftspul Kollum: It Kollumer Oproer
We skriuwe 1797, it jier dat it Kollumer Oproer plakfynt: in Fryske opstân tsjin de Frânsen. In skoft lyn waard regisseur Steven de Jong benadere troch sjonger en akteur Syb van der Ploeg, dy't de rol fan Salomon Levy fertolket, ien fan de twa lieders fan it Kollumer Oproer. "Syb belle my en sei: Steven, dit projekt rint sa stadichoan út de klauwen. We kinne wol in pear hannen brûke."
Tegearre mei regisseur Atsje Lettinga gie De Jong dêrom de útdaging oan: in muzykteäterspektakel oer it Kollumer Oproer, dat net allinnich plakfynt yn 1797, mar dat ek graach flirtet mei de tiid. "Je kinne eins wol stelle dat hjir yn Kollum de monargy rêden is. De Frânsen woenen it regear hjir oernimme, mar ûnder lieding fan oproerlieders Salomon Levy (Syb van der Ploeg) en Jan Binnes (Piter Wilkens) is dêr flinke wjerstân tsjin bean."
Regisseurs Atsje Lettinga & Steven de Jong © Omrop Fryslân
Yn it begjin binne de Kollumers bliid mei de Frânske soldaten, dy't yn it doarp komme. Se dûnsje en feeste mei de Frânsen, mar as bliken docht dat Napoleon minsken nedich hat dy't yn syn leger fjochtsje moatte, slacht de sfear om. "It is in bysûnder, wier bard ferhaal", fertelt Syb van der Ploeg. "Ik bin opgroeid yn dizze omkriten en út myn stambeam blykt dat ik neiteam fan Salomon Levy bin. Myn âlden hawwe sels jierren op de Salomon Levystrjitte wenne", laket Van der Ploeg.
"De rol fan Salomon Levy is my op it liif skreaun", giet er fierder. "Ik kin lyk as him net oer ûnrjocht en ik bin sels ek in pasifist. Ik kin my hiel goed ynlibje yn hoe't hy deryn stie." Yn it iepenloftspul wegeret Abele Reitses (spile troch sjonger Johannes Rijpma) te fjochtsjen yn it leger en wurdt er oppakt. En dan komt it doarp yn grut ferset.
Ik bin neiteam fan Salomon Levy.
Syb van der Ploeg
Google Maps nimt Salomon Levy by de hân © Omrop Fryslân

Google Maps as ferteller

Aktrise Meriyem Manders fertolket in bysûndere rol yn it stik. Klaaid yn in pak mei de kleuren fan Google Maps liedt se Salomon Levy troch de tiid. "In de theaterstukken van Shakespeare had je ook altijd een verteller. Ik ga het gesprek aan met Salomon Levy, ik leid hem door de scènes, want dit iepenloftspul speelt zich af in verschillende eeuwen, ik navigeer Salomon Levy daar doorheen."
Hear Keuning en syn tsjinstfaam Djoeke Binnes © Omrop Fryslân
"Wy woenen net allinnich mar in histoarysk ferhaal delsette, mar ek hjoeddeistige tema's oantikje", lizze Lettinga en De Jong út. Skriptskriuwer Dick van den Heuvel krige dêrom de opdracht mei om it Kollumer Oproer plakfine te litten yn syn eigen tiid, mar ek flirts oan te gean mei oare iuwen. En dus moatte je net fernuvere opsjen as ynienen de 20e-iuwske Kollumske hurdrinster Foekje Dilllema foarby draaft.

#MeToo

Mar ek in tema as machtsmisbrûk is fan alle tiden. Hear Keuning (spile troch akteur Thijs Meester) sympatisearret mei de patriotten. "Yn dit stik bin ik in echte 'bad guy', dy't misbrûk makket fan syn oansjen." Keuning syn wurkster Djoeke Binnes, dochter fan de oproerlieder Jan Binnes, hat in drege posysje. Se sit net allinnich letterlik tusken twa fjurren: dy fan de Oranjegezinden (har heit en har freon Abele Reitses) en dy fan de Frânsen (har master, Hear Keuning), it is ek nochris sa dat har wurkjouwer syn hannen net thúshâlde kin.
"Ik skrok al efkes doe't ik seach dat ik dizze sêne spylje moast", bekent aktrise Carla de Bruine. "Mei dizze sêne wolle we sjen litte dat #MeToo eins fan alle tiden is, mar it symbolisearret ek de striid tusken de Oranje's en de Patriotten."
Spesjaal foar it iepenloftspul It Kollumer Oproer naam Carla de Bruine mei de band fan De Kast de single 'Hoe't it fielt' op, in Fryske oersetting fan it nûmer 'Til it happens to you' fan Lady Gaga, It nûmer waard oerset troch Sytse Broersma fan De Kast.

Spyldata 'It Kollumer Oproer'

De foarstellingen binne alle kearen fan 20:30 oant 23:00 oere.
Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op Omrop Fryslân's spesjale iepenloftspulside. Hjir fynst filmkes, artikels en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2019.