Baard, Frjentsjer en Easterlittens winne by IFK Jeu de Pelote

Baard, Frjentsjer en Easterlittens ha freedtejûn wûn by it IFK Jeu de Pelote yn Easterlittens. Baard moast tsjin Makkum en sette in skoare del fan 7-6. Frentsjer wie mei 7-4 te sterk foar Menaam en Easterlittens hie eins gjin tsjinstanner oan Dronryp, want it waard 8-2.
© Henk Bootsma
Kommende moandei giet it IFK Jeu de Pelote yn Easterlittens fierder fan 18.30 oere ôf mei de partijen Wjelsryp-Grou, Stiens-Wommels en Ljouwert-Reahûs/Turns.
Jeu de Pelote is in fariant fan it keatsen dy't ferskilt mei it tradisjonele Fryske spul: sa besteane de partoeren út fiif spilers en is it fjild in stik smeller.