Sporthal Tsjummearum kin mei gemeentejild dochs iepen bliuwe

29 jun 2019 - 11:24

De sporthal fan Tsjummearum is foarearst rêden. De Harnehal soe op 1 july ticht, omdat der net genôch jild wie om him iepen te halden. Mar de gemeenteried fan Waadhoeke hat no besletten om 25.000 euro beskikber te stellen en dêrmei kin de hal earst wer in jier troch.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De Harnehal soe al yn 2017 sletten wurde, mar it doarp wie dêr poer op tsjin. In spesjaal oprjochte stichting naam de eksploitaasje fan it moetingsplak en de sporthal oer fan de wenningkoöperaasje. Ferline jier die lykwols bliken dat de hal net rendabel te meitsjen wie en dit jier definityf ticht soe. Mei de bydrage fan de gemeente kin der no dochs in trochstart makke wurde.

Germ van der Meij hat it hiele trajekt belutsen west fanút doarpsbelang. "Elkenien is derfan útgong dat de hal tichtgean soe", seit in ferraste Van der Meij. "Ek de oare ferieningen dy't gebrûk meitsje fan de hal. De muzykferiening út Seisbierrum oefenet altyd yn Tsjummearum bygelyks. Dat jildt ek foar de oare ferieningen. Sy kinne har melde."

Germ van der Meij hat by it hiele trajekt belutsen west fanút doarpsbelang

(Advertinsje)
(Advertinsje)