Brouwerij Dockum mei foarearst restaurant bliuwe

29 jun 2019 - 10:06

It restaurant yn Brouwerij Dockum op bedriuweterrein Hogedijken yn Dokkum bliuwt foarearst iepen. De gemeente sil ûndersykje oft it bestimmingsplan foar it gebiet oanpast wurde kin. Dat seit René de Heij, ien fan de eigeners fan de brouwerij.

Brouwerij Dockum ûntfangt hast alle dagen groepen foar in slokje en in miel - Foto: Omrop Fryslân

"De gemeente gaat dan ook niet langer handhaven op de huidige vergunning en ook de dwangsommen zijn van de baan", seit De Heij. Amtners fan de gemeente kontrolearren oft Brouwerij Dockum iters oer de flier hawwe soe. By oertrêdingen moasten de eigeners in twangsom betelje. Nei 4 july moast it restaurant ticht, mar dat is neffens in opteine De Heij no fan de baan.

"We hebben een constructief gesprek gehad met de gemeente. Zij gaan nu kijken of de vergunning voor dit gebied kan worden aangepast. Ondertussen kunnen wij dan gewoon met onze bedrijfsvoering doorgaan." Hoewol't it noch mar om in ûndersyk fan de gemeente giet, giet De Heij der fanút dat Brouwerij Dockum gewoan in restaurant bliuwt. "Wij gaan ervan uit dat dit definitief is en kunnen nu ook weer personeel aannemen."

Flagge noch net út

Wethâlder Theo Berends (ChristenUnie) befêstiget dat it restaurant foarearst net ticht hoecht. "We handhaven inderdaad niet omdat we het vergunningenbeleid de komende drie maanden tegen het licht gaan houden. Stel dat daaruit blijkt dat de restaurantfunctie mag blijven, dan zou het vreemd zijn om nu heel streng te gaan handhaven."

Dochs kin neffens de wethâlder de flagge by Brouwerij Dockum noch net út: "Nee, dat is te vroeg. We gaan met alle partijen en in samenspraak met de gemeenteraad deze zomer dit besluit nemen. Uiterlijk 4 oktober weet de brouwerij meer. En mocht het handhavingsbeleid blijven zoals het nu is, dan moet het restaurant alsnog dicht."

Wethâlder Theo Berends oer it beslút

(advertinsje)
(advertinsje)