Steuring treft opnij Stasjonsbrêge yn Frjentsjer

29 jun 2019 - 09:47

De Stasjonsbrêge yn Frjentser is sneon opnij troffen troch in steuring, meldt Scheepvaart Fryslân. De brêge kampte freed ek al mei in steuring. Doe bleau de brêge oer it Van Harinxmakanaal oan 'e ein fan de middei by it tichtgean 5 oant 10 sintimeter boppe de grûn hingjen.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

In monteur fan de Provinsje hie de steuring jûns ferholpen, mar no kin de brêge dus opnij net betsjinne wurde. It is net bekend hoelang't de steuring duorje sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)