Oanfraach yntsjinne om Nij Ylostins op gemeentlike monumintelist te krijen

By de gemeente Súdwest-Fryslân is in oanfraach dien om fan wensoarchsintrum Nij Ylostins yn Drylts in gemeentlik monumint te meitsjen. De inisjatyfnimmers, leden fan de aksjegroep Dryltser Kring, sizze dat it gebou it iennichste foarbyld is yn Noard-Nederlân fan in bysûndere arsjitektuer. It waard yn 1967 presintearre op de wrâldtentoanstelling yn Kanada.
Nij Ylostins, Drylts © Omrop Fryslân, René Koster
Nij Ylostins hat oerdutsen wenstrjitsjes, in grutte patio en romtes dêr't de bewenners elkoar treffe kinne. En dat slút krekt hiel goed oan by dizze tiid, wêryn't âlderen oant op hege leeftiid selsstannich wenje, sizze de inisjatyfnimmers. Se dogge ek foarstellen foar renovaasje, wêrby't de apparteminten grutter makke wurde, sadat it past by de easken fan dizze tiid. De gemeente Súdwest-Fryslân moat oer de oanfraach foar de monumintestatus beslute.
Eigener Elkien hat earder sein dat dy it gebou slope wol, omdat it net mear foldocht oan de easken fan dizze tiid. Nei in soad protest út de stêd binne dy plannen foarearst útsteld oant 2022.
Reinder Hoomans fan de aksjegroep Dryltser Kring oer Nij Ylostins