Kollum: "Heawaar"

"Meane, skodzje, swylje, parsje en weidloegje. As je mei dit hite waar wat ferkuolling sykje, is in tochtsje op de fyts sa tsjin de jûn in oanrieder. Wol even de stedsmuorren troch, want it is op it plattelân dan noch in drokte fan belang. De leanbedriuwen dy't mei kûgelsfeart grutte laadweinen fol mei winterfoer nei de buorkerijen tôgje, of in boer dy't wat dong oer de greiden bringt, flak foar de tongerbui. Njonken dizze moderne bedriuwen is der ek in kâns dat je hjir of dêr ek noch tsjûge wêze kinne fan it âlderwetske heameitsjen.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Myn heit sei altyd dat er gjin maaiehea ha woe. Meane foar hea dienen je pas yn juny, sa dosearre er. Pas letter begriep ik dat soks foar de greidefûgels in ideaal senario wie. Maaiehea hie in gruttere kâns om te broeien. Ik ha 22 jier op de buorkerij wenne en we ha 21 kear hea yn de skuorre hân, nea hoegde it derút. Heit hie in hekel oan dûbel wurk, dus soarge er der goed foar dat it sa drûch as riis wie. En dat slagge mei junyhea makliker as mei maaiehea, omdat it gers dan houteriger is. Tsjintwurdich ha de boeren yn juny al in sneed as wat fan it lân, de tiden binne oars.
As it hea in pear dagen yn de golle siet, rûkte de hiele pleats dernei. De rook fan nij hea yn in âlde pleats is nergens mei te fergelykjen. Nei in wike as wat wie it útwurke en konservearre. Foardat it safier wie, kaam de hearoeder. Dat fûn ik as lytse jonge tige spannend, want dy man klom boppe-op de golle. Wy mochten dêr net komme, stikem dienen we it fansels wol. De hearoeder wie yn tsjinst fan de brânfersekering en moast mjitte oft it hea ek gefaarlik waarm waard. As it te hyt wie, moast der dold wurde. In gat yn de heaberch meitsje om de waarmte der út te krijen.
Ik ha by oare boeren wol sjoen dat it sa hyt wie, dat de pickuptoutsjes ferkoalle wienen en knapten as je it pakje optilden. Dy hearoeder wist faak foardat er de temperatuer opmetten hie wol oft de saak yn oarder wie. It earste dat er die as er de skuorre ynstapte, wie rûke. 'Moai hea, sit gjin waarmte yn', wie dan meastal it boadskip. Mar foar de foarm moast der wol metten wurde. Neffens my ha wy eins nea gedoch mei dollerij hân. Heit hie krekt as ik in hekel oan de waarmte fan de simmer, dus dat woe er graach foarkomme.
Hea fan blomryk lân wie eins fergees medisyn. As der by hege útsûndering in ko siik wie, bleau er in dei as wat op stâl en krige er hea te fretten. Dat wie meastal genôch om wer better te wurden. Neffens my kaam dat troch al dy krûden dy't der yn sieten.
Hea meitsje wie hartstikke bewurklik, mar ek ien fan de moaiste ûnderdielen fan it buorkjen. De rook fan farsk meand gers feroare yn in wike nei dat fan nij hea, der is gjin parfum op de wrâld dat lekkerder rûkt. Je sjogge it no net folle mear, mar as ergens yn in stik lân minsken drok dwaande binne mei in wein fol lade mei lytse pakjes, set jim airco kuolle auto even stil, doch it rútsje nei ûnderen en snúf de rook fan hea djip yn. Je krije der in goed sin fan. Mar it aldermoaiste oan it heameitsjen fan hjoed-de-dei is dat ik my no net mear hoech te ferskuorren oan dy rottige pakjes yn de gleone sinne.
Trouwens, dy iene kear dat we gjin hea yn de skuorre krigen, wie yn 1976. Doe wie it sa hyt en drûch dat it lân ferskroeide. 43 jier lyn bestie ekstreem waar ek al."