Hoopstedenmuur feestlik iepene nei werynrjochting De Feanhoop

29 jun 2019 - 08:30

Op De Feanhoop is freed in stikje histoarje werombrocht yn it doarp. Mei in feestlike iepening krige dêr de âlde Hoopstedenmuur nij libben. It hiele doarp rûn út om de muorre, mei swarte stiennen dy't op turf lykje moatte, te besjen.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Eartiids wie dat de muorre fan de turf dy't der út de grûn helle waard. Om't alle turfskippers dêr byinoar kamen, wie it ek in wichtich moetingsplak. Dat moat it no wer wurde, yn de foarm fan in stiennen muorre mei bankjes der omhinne.

"De Feanhoop is grut wurden mei turf. De minsken ha der wat mei. Je sjogge dat minsken in flecht ha nei it ferline en dy flecht fine se hjir", lit Henk de Vries fan it pleatslik belang witte. "We soargje mei dit soarte projekten foar ferbining en dat is yn dizze tiid o sa belangryk."

De Hoopstedenmuur is ûnderdiel fan de werynrjochting fan De Feanhoop. Dy is ta stân kaam mei subsydzje fan de gemeente Smellingerlân, mar ek mei entûsjaste ynset fan de doarpsbewenners. Sy ha bygelyks sels ek jild ynsammele en wurksumheden útfierd.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma seach by de Hoopstedenmuur op De Feanhoop

(Advertinsje)
(Advertinsje)