Jacobs en Hoedemakers debutearje by SC Cambuur: "Mooi shirtje, man!"

Foar in oantal fuotballers is de earste wedstriid fan it seizoen fan SC Cambuur in bysûndere. It is nammentlik it duel wêryn't se harren debút meitsje. Dat jildt bygelyks foar Jamie Jacobs en Mees Hoedemakers.
DTD-SC Cambuur
Beide middenfjilders kamen oer fan Jong AZ nei SC Cambuur en spilen freed yn de oefenwedstriid tsjin DTD (8-0 oerwinning) foar it earst yn it giel-blau.

Oerienkomsten

Se binne beiden 21 jier en komme beiden fan Jong AZ. Ek binne it beiden middenfjilders. Der binne wol in hiel soad oerienkomsten tusken Jacobs en Hoedemakers. Wat ek oerienkomt, is dat se beiden geniete ha fan harren earste wedstriid by Cambuur. "Dit smaakt naar meer", fertelt Jacobs. Hoedemakers: "Mooi shirtje, man! Ik heb echt genoten!"
Foar it grutte publyk binne beide jonge talinten noch ûnbekend, mar se kinne inoar fansels wol as de bêste. Wat kin Cambuur fan it twatal ferwachtsje? Jacobs oer Hoedemakers: "Mees kan uitgroeien tot een van de belangrijkste spelers van Cambuur. Hij heeft rust aan de bal, overzicht op het middenveld, is altijd aanspeelbaar en heeft weinig balverlies. Dat kan voor een ploeg heel belangrijk zijn. Ik denk dat we een aardige tandem kunnen vormen dit seizoen."

"Jamie is een stiertje"

Oarsom stelle we de fraach ek oan Hoedemakers. Wat kin Cambuur fan Jacobs ferwachtsje? Hoedemakers: "Jamie is een stiertje. Die blijft maar gaan. Maar het is ook een goede voetballer, die kan scoren en het team op sleeptouw kan nemen. Het is zeker een nuttige speler voor Cambuur."
Mees Hoedemakers (l) en Jamie Jacobs (r) kinne mekoar al langer © Omrop Fryslân