Spanning oer de takomst fan de soarch yn Ljouwert rint op

01 jul 2019 - 15:00

De spanning oer de takomst fan de soarchplannen yn Ljouwert rint op. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hopet de kommende wiken har plan der troch te krijen, mar der is noch in soad krityk en tal fan fragen bliuwe ûnbeantwurde. Moandei meie soarchoanbieders en oare belanghawwenden ynsprekke, woansdei sille de politike partijen yn diskusje mei wethâlder Herwil van Gelder.

Yn Ljouwert binne grutte tekoarten yn it saneamde sosjaal domein. It giet dan ûnder oare om de WMO, de Wet Maatschappelijke Ondersteuning. Foar 2021 moat der jierliks 3,6 miljoen euro besunige wurde. It grutste part fan it bedrach is fûn. It giet no noch om ien miljoen euro. Om dat bedrach te besparjen wol de gemeente Ljouwert ynsette op frijwilligers. Der moatte wyk- en doarpskeamers komme dêr't minsken ynrinne kinne as sy help of soarch nedich binne.

Thússoarch - Foto: Omrop Fryslân

Mar krekt op dat ûnderdiel fan it plan komt in soad krityk, want de fraach is oft frijwilligers samar soarchtaken oernimme kinne. Ek is it mar de fraach oft minsken mei problemen nei har wyksintrum geane om dat dêr te bepraten. Want wat as in frou dêr komt mei it ferhaal dat se help nedich hat om't har man har slacht? In soad helpferlieners ferwachtsje dat krekt dizze minsken dêr gjin help sykje.

Zienn: frijwilligers kinne kliïnten net helpe

Opfangorganisaasje Zienn sjocht neat yn de ynset fan frijwilligers. Yn in brief oan de riedsleden skriuwe se dat de doelgroep fan Zienn kompleks is. Har kliïnten ha faaks meardere problemen dy't inoar beynfloedzje. Frijwilligers slute net oan by dy doelgroep, sa skriuwt direkteur Marita Schreur fan Zienn. Neffens har komme har kliïnten net nei wyksintra of buertkeamers. Ek set sy in grut fraachteken by de beskikberheid fan de frijwilligers: Binne dy it hele jier oanwêzich?

Se wurdt stipe troch de organisaasje Connecting Hands. Ek dizze organisaasje, dy't him ûnder oare dwaande hâldt mei it beglieden fan minsken dy't it dreech ha, skriuwt yn in brief oan de gemeenteried grutte fraachtekens te hawwen by de ynset fan de frijwilligers. Bestjoerder Jan Stuve fynt dat der noch te folle saken útwurke wurde moatte. Hy is benaud dat syn kliïnten it slachtoffer wurde as se yn de takomst holpen wurde troch frijwilligers. Stuve sjocht grutte risiko's: "Het versterken van angststoornissen, sociale isolatie en de stijging van verwarde personen op straat." Hy kin de plannen dan ek net stypje.

Neffens Stuve kin it finansjele gat fan 1,1 miljoen euro dat no noch iepen stiet ek op in oare wize ynfolle wurde. Hy fynt dat it útstel dat soarchpartijen earder dien ha, op 'e nij besjoen wurde moat. Dat hâldt yn dat de kontrakten ferlinge wurde nei 2021 mei dêryn de opdracht fêstlein dy 1,1 miljoen euro te besunigjen. Hy wurdt yn syn krityk stipe troch Anke Meier, bestjoerder fan Zorg op Maat.

Hoe komt it mei de meast kwetsbere minsken?

GGZ-ynstelling Mind Up hat har de ôfrûne moannen al geregeld opiniearre. Neffens manager Douwe Weening is it no oan de ried: "Se witte dat wy net posityf binne oer de plannen en benammen net oer it frijwilligerspart. In hiel soad fan ús kliïnten moat dan nei dy buertkeamers ta. Dy wolle dat net, dêr wurde se net goed holpen."

Weening makket him dan ek grutte soargen: "Krekt lykas Zienn ha we hjir te krijen mei de meast kwetsbere minsken yn Ljouwert. Dy moatte je goed ûnderstypje. De wethâlder docht no foarkommen dat in soad oanbieders de plannen stypje. Mar dy hiele WMO hjir omsmite foar in besparring fan goed 1 miljoen euro, wêrom? It is gjin 'gedragen' plan. Der is fan út de oanbieders noch in soad krityk", sa seit Weening. Moandei hat hy noch in petear mei wethâlder Herwil van Gelder.

GGZ Friesland - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Dy krityk komt ûnder oare ek fan soarchgroep Noorderbreedte. Yn in brief oan Van Gelder skriuwe sy dat it besunigingsplan noch lang net konkreet genôch is. Sa is der kwealik omtinken foar âlderen mei in helpfraach. Ek set Noorderbreedte in grut fraachteken by de ynset fan frijwilligers: "Wij maken ons tevens grote zorgen over de grote verantwoordelijkheid die vrijwilligers in de sociale basis krijgen."

Ek mist Noorderbreedte ûnderbouwing fan ynskattingen dy't de gemeente makket. Sa moat 55 persint fan de minsken dy't no yn de deibesteging sitte oer nei de saneamde 'basisûndersteuning', dus holpen wurde troch frijwilligers. It is de soarchgroep net dúdlik hoe't de gemeente oan dit oantal komt. Lykas oare oanbieders fynt Noorderbreedte dat de plannen te fluch trochfierd wurde moatte. It is better mear tiid te nimmen om in goed plan te meitsjen.

Opposysje hat fraachtekens

Ek yn de gemeenteried sels binne se noch net oertsjûge fan de nije soarchplannen foar de gemeente Ljouwert. VVD-riedslid Marcel Visser fynt dat previnsje net de urginsje krijt, dy't it fertsjinnet. "Het staat wel in het plan, vijf keer om precies te zijn. Maar wil je complexe problemen oplossen, dan zul je achter de voordeur bij mensen moeten komen. Weten dus wat er speelt. Dat zie ik hier niet terug."

Foto: Omrop Fryslân

Hy wurdt dêryn stipe troch Carlijn Niesink fan de ChristenUnie: "Ik zie nog veel vragen en de wethouder moet echt wel met briljante antwoorden komen." Visser is net perfoarst negatyf oer de ynset fan frijwilligers: "Dat kan heel erg goed aanvullend werken. Deze groep kan alleen geen zorgtaken overnemen. Het is een utopie om te denken dat mensen die zware problemen hebben naar een buurthuis of een wijkcentrum komen om daar met een vrijwilliger te gaan praten. Dan woon je twee huizen verderop en kom je bij wijze van spreke daar in dat wijkcentrum je buurman tegen. Ga je dan zeggen dat je wordt mishandeld?" En Visser seit: "Ik vraag me af voor wie dit eigenlijk goed is. Voor de Leeuwarder of voor het bankboekje."

Koälysjepartijen stik positiver

Fraksjefoarsitter Julie Bruijnincx fan D66, ien fan de koälysjepartijen, hat noch in soad fragen. Dochs is se 'gematigd' posityf oer it plan dat der no leit: "Ik zie juist dat professionals en vrijwilligers in een wijkcentrum of buurthuis samen komen. Ik denk dat juist dat de zorg een stuk laagdrempeliger maakt. Alleen hoe je de zorg gaat inrichten, daar moet je goed over nadenken. Want een vrijwilliger kan nooit een vervanger zijn van een professional."

Bruijnincx wurdt al wat 'krigel' fan de hâlding fan guon soarchoanbieders: "We worden aan alle kanten benaderd om te praten. Nu ze de kans krijgen in te spreken blijft een aantal thuis. Ze wilden ook graag meepraten over de plannen. Dat hebben we toegestaan. En nu de uitwerking er eindelijk ligt willen bepaalde aanbieders toch weer terug naar het begin. Ik wil gewoon nu een besluit nemen. Dat geeft duidelijkheid."

Proefprojekten opsette

De grutste partij yn de Ljouwerter gemeenteried, de PvdA, hat altyd kritysk west op de plannen. Dat is fraksjefoarsitter Lutz Jacobi no noch hieltyd: "Ik wol net dat de soarch oanbestege wurdt. Dat kin hiel maklik oars. Ik wol hjir gjin soarch-cowboys ha, ik langje rêst. Foar de kliïnten dy't de soarch hurd nedich ha, is dat fan grut belang." Se wol dêrby stjoere op resultaat. "Der binne al oare gemeenten, dy't sa wurkje", seit Jacobi.

De ynset fan de frijwilligers soarget ek by har noch foar fraachtekens. Dêrom wol Jacobi dat de gemeente begjint mei proefprojekten yn guon wyksintra. "Ik wol sjen hoe't dat yn de praktyk útpakt. Hoe dus dy taakferdieling is tusken profesjonal en frijwilliger." Se wol dêrneist de opbouwurker werom ha. Dat binne minsken dy't har rjochtsje op it ferbetterjen fan de wen- en libbensomstannichheden. Dy soene tal fan sosjale problemen foarkomme kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)