Lid Stichtingsbestjoer Edward Jousma as fanmanager yn tsjinst by SC Hearrenfean

28 jun 2019 - 23:00

Edward Jousma wurdt fanmanager fan sportklup Hearrenfean. De âld-foarsitter fan supportersferieniging NieuwNoord sit no as fertsjintwurdiger yn it Stichtingsbestjoer. Mei dy taak hâldt hy mei yngong fan 1 septimber op.

Edward Jousma - Foto: Omrop Fryslân

It oanlûken fan Jousma is bysûnder, omdat hy earder ferantwurdlik wie foar de beneaming fan Cees Roozemond as foarsitter fan de klup. Roozemond seit dat dat neat mei elkoar te meitsjen hat: "Ik snap de vraag, maar dat heeft niks met elkaar te maken. We hadden behoefte aan zo'n functie en vinden Edward daar geschikt voor. We hebben het aan alle stakeholders voorgelegd en iedereen was enthousiast."

Neffens Roozemond is der breed stipe foar it yn tsjinst nimmen fan Jousma. "Er was behoefte aan zo'n soort functie en als je dan iemand als Edward kunt aantrekken, dan ben je daar erg blij mee."

(Advertinsje)
(Advertinsje)