Fryske bedriuwen op list mei megawinsten yn de soarch

In oantal Fryske bedriuwen stiet op de list mei 174 Nederlânske bedriuwen yn de soarch dy't grutte winsten meitsje. De list is dizze wike iepenbier makke. It giet dan om winsten dy't heger binne as 10 persint. It programma Pointer fan KRO/NCRV kaam mei de sifers nei bûten.
© Omrop Fryslân
Ferskate riedsleden meitsje har soargen want de gemeenten hawwe grutte tekoarten op de soarch. Bedriuwen yn de soarch moatte har jiersifers publisearje by it ministearje fan Folkssûnens. Dat binne lang net alle soarchbedriuwen, mar by de ferliening fan jeugdhelp is it ferplichte. Ek topynkommens moatte hjir meld wurde. Op dy list is dus in oantal Fryske bedriuwen te finen.
Op dy list stiet bygelyks Friesland Begeleid Wonen op It Hearrenfean, mei direkteur Yousef Youvi. Neffens him is de jierrekken ferkeard yn it systeem kommen en is de winst folle leger. Yn 2018 stiet der in management fee fan 200.000 euro, mar dat is neffens Youvi ek net korrekt.
Op de list ek Nocht en Wille, dy't op ferskate lokaasjes opfang foar swier handicapten fersoarget. Chris Knippenberg fan de ynstânsje fertelt dat it winstsifer net korrekt is. It is wol mear as 10 persint, mar sy brûke al it jild dat fertsjinne wurdt wer yn de opfanglokaasjes. Ferline jier hawwe sy in nije fêstiging iepene en doe wienen alle reserves op.
Ferslachjouwer Dieuwke Kroese oer de Fryske soarchbedriuwen op de list