Miljoenen fan Waadfûns foar fûgels, fisk en ûnderwetterdraak

It Waadfûns stekt mear as 10 miljoen euro yn twa projekten dy't de libbensomstannichheden fan fûgels en fisk yn it Waadgebiet ferbetterje moat. Ek investearret it 2,3 miljoen euro yn de fierdere ûntwikkeling fan de ûnderwetterdraak TidalKite. De projekten binne ûnderdiel fan it Investeringskader Waddengebied (IKW) fan de trije Waadprovinsjes Fryslân, Grins en Noard-Hollân.
De Waadsee by Gryn © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It IKW is in mearjierrich programma dat grutte ynvestearringen yn it Waadgebiet mooglik makket. Fan de totale ynvestearring fan 25 miljoen euro yn de projekten, nimt it Waadfûns 14 miljoen euro foar syn rekkening.

Nij eilân by Skiermûntseach

Om de omstannichheden foar fûgels yn it Waadgebiet te ferbetterjen krijt Vogelbescherming Nederland hast 7 miljoen euro fan it Waadfûns. It projekt kostet yn totaal 15 miljoen euro en hat de namme Wij & Wadvogels. Mei it jild moat ûnder oare in fûgeleilân mei kwelder oan de súdkant fan Skiermûntseach oanlein wurde. Ek moatte der ferskillende broedeilânnen komme en in broedgebiet foar steltrinners.

Undersyk nei fiskprojekten

Ek komt der jild beskikber foar it ûndersyk nei de effektiviteit fan maatregels en projekten dy't west ha om de fiskstân te ferbetterjen. Under de namme Waddentools Swimway wurdt sjoen nei hokker maatregels in it ferline it best holpen ha om de libbensomjouwing fan fisk yn de Waadsee te ferbetterjen. It projekt kostet yn totaal 5,5 miljoen euro en it Waadfûns draagt dêrfan 3,6 miljoen euro by.

Test mei ûnderwetterdraak

It bedriuw SeaQurrent fan Grou krijt 2,3 miljoen euro fan it Waadfûns. It bedriuw hat in systeem betocht dêr't ûnder wetter mei in soarte fan draak enerzjy opwekke wurdt.
Enerzjy opwekke mei in draak © SeaQurrent
Om de draak, mei de namme TidalKite, fierder te ûntwikkeljen, wurdt it jild brûkt foar in test op folsleine skaal yn it Borndiep by It Amelân. De draak wekket duorsame enerzjy op troch gebrûk te meitsjen fan de eb en floed yn de Waadsee.