Golfbaan Appelskea troch útwreiding klear foar profesjonele wedstriden

28 jun 2019 - 21:00

Golfbaan De Hildenburg yn Appelskea is freed feestlik weriepene. De golfbaan is mei 500 meter ferlinge en hat dêrmei trije nije holes krigen. Hjirtroch is de baan no klear foar profesjonele wedstriden.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Al sûnt de maitiid fan 2018 waard der oan de baan wurke. Dat gie net allegear even maklik, want troch de drûchte fan de foarige simmer wiene in soad stikken te drûch om yn te siedzjen. Ek no is de grûn noch altyd drûch, mar de golfbaan kin troch goed ûnderhâld dochs gewoan bespile wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

By de iepening sloech boargemaster Harry Oosterman fan gemeente Eaststellingwerf it earste baltsje fan de nije earste hole ôf. Letter dizze wike binne der noch ferskate wedstriden foar profesjonals, frijwilligers dy't oan de baan wurke ha en in spesjale wedstriid tusken manlju en froulju.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
(Advertinsje)
(Advertinsje)